Topprestaasje Yousef op Skylge

07 nov 2005 - 08:52

Saher Yousef hat snein de Berenloop wûn. Hy wûn de maraton op Skylge yn 2.32,31. Dat wie mar fiif sekonden fan syn persoanlik rekôr ôf. Yousef rûn de hiele race allinnich op kop. Twadde waard Johan Mathijssen, mei mear as in kertier efterstân. Tredde wie Dicky de Vries fan Jistrum. By de froulju wûn Mariska Kramer, yn 2.55,30.

Der stie in hurde wyn. De earste helte gie it dêrtroch rap, it twadde diel hiene de rinners lêst fan de wyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)