Nijpels krijt boek oer it Waad
Yn Ljouwert is freed mei de presintaasje fan it boek 'Wadden, Verhalend Landschap' in bysûnder internationaal boekprojekt ôfsletten.
It boek beskriuwt de kultuer-histoarje fan alle waadeilannen en de waadkust. It boek is te keap yn trije talen; it Dútsk, it Deensk en it Nederlânsk. It earste eksimplaar waard oanbean oan Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels.