Grutte put yn Ter Idzert

06 nov 2005 - 15:59

Op it fjild achter it doarpshûs fan Ter Idzert is in wetterput groeven. De put, fan sa'n fjirtich meter djip, is bedoeld om wetter út te heljen foar de nije iisbaan yn it doarp.

Mei it wetter fan de put kin ek in betonplaat ûnder wetter set wurde, dêr't bern al nei in pear nachten froast op ride kinne. By it oanlizzen fan de wetterput hawwe tal fan frijwilligers út Ter Idzert meiholpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)