'Hûnebelesting Ljouwert omleech'

© Omrop Fryslân
De hûnebelesting yn Ljouwert moat leger, dat fynt de FNP yn de gemeenteried. Earder is ôfpraat dat de opbringst fan de hûnebelesting gelyk wêze moat oan de kosten dy't foar de hûnen makke wurde.
Op it stuit lizze de opbringsten hast 140.000 euro heger as de útjeften. De FNP fynt dêrom dat de hûnebelesting nei ûnderen kin, fan 76 nei 48 euro yn it jier. Oft de oare partijen der ek sa oer tinke, wurdt nije wike dúdlik.