Noch gjin jild foar Planetarium

05 nov 2005 - 14:10

Der is noch net genôch jild foar de útwreiding fan it Eise_Eisinga_Planetarium yn Frjentsjer. It planetarium wol takom jier in diel fan de neistlizzende Rabobank oernimme.

Dat gebou komt frij troch in ferhuzing fan de bank. Troch de ekstra romte kinne der gruttere eksposysjes hâlden wurde en kin it wenhûs fan Eise_Eisinga opknapt wurde. Neffens konservator Adrie_Armerhoven wurdt der hurd wurke om de finânsjes rûn te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)