'Nêsten toersweltsjes beskermje'

05 nov 2005 - 13:55

De stifting Alde Fryske Tsjerken moat helpe om de toerswel foar Fryslân te behâlden. De stifting freget it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) om by tsjerkerestauraasjes mear rekken te hâlden mei de nêsten fan dizze fûgels.

Toersweltsjes bouwe harren nêsten faak ûnder dakken en yn holten yn de muorre. By restauraasjes oan tsjerken wurde de nêsten faak fuorthelle. It BFVW wol mei de stifting Alde Fryske Tsjerken prate oer de beskerming fan de nêsten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)