Fersmoarging stedspark falt ta

© Omrop Fryslân
Der hat neffens de gemeente gjin gefaar foar de folkssûnens west troch de asbestfersmoarging yn en by it Menno van Coehoornpark yn Ljouwert. Healwei oktober waard by graafwurksemheden plaatmateriaal fûn mei asbestdieltsjes. It wurk is doe fuort en dalik stillein.
Allinich by it boartersplak yn it park sil de fersmoarge grûn fuorthelle wurde. Op it skoalplein fan de Menno Coehoornskoalle is gjin asbest oantroffen.