Schoorstra wint Schurer-priis

© Omrop Fryslân
Willem Schoorstra fan Ternaard hat de Fedde Schurerpriis wûn foar it bêste Fryske debút út de jierren 2002-2004. Schoorstra, neffens de sjuery in rasferteller mei in grutte taalmacht, krige de priis foar syn romandebút Swarte Ingels. Schoorstra waard beleanne mei 2.000 euro en in oarkonde.
Ruurdtsje de Haan fan Boerum wûn de publykspriis foar har dichtbondel Onaris. Ek sy krige in oarkonde en in sjek fan 2.000 euro.