De Jonge hat saak net op oarder

05 nov 2005 - 09:56

Boargemaster Peter de Jonge fan it Hearrenfean hat syn saakjes net goed op oarder. De Jonge tinkt mear om de tsjinstferliening yn it gemeentehûs as dêrbûten op strjitte. Dat konkludearret de stifting Rekenschap op grûn fan it boargerjierferslach fan De Jonge.

De noardlike gemeenten dogge it oer it generaal tige min. Boargemaster Geert Dales fan Ljouwert krijt bygelyks in 5, mar De Jonge fan Hearrenfean skoart noch leger: 4,4.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)