Rasisme en geweld op skoallen

05 nov 2005 - 09:54

Rasisme en geweld op skoallen wurdt in hieltyd grutter probleem. Dat fynt 65 persint fan de leararen op skoallen fan foartset ûnderwiis yn Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it meldpunt diskriminaasje fan it sintrum Tûmba yn Ljouwert.

Mei inoar hawwe 23 skoallen oan it ûndersyk meidien. Skoallen soene by rasisme en oare yntolerânsje help krije moatte fan de skoallebegeliedings-tsjinst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)