Cambuur - Dordrecht: 0-0
De fuotballers fan Cambuur-Ljouwert ha freed yn ´t eigen stadion gelykspile tsjin Dordrecht. Nei njoggentich minuten wie de einstân 0-0.
Benammen yn de earste helte hie Cambuur punten meitsje kinnen. Paul_Mulders en ek Mittchel_Piqué krigen kansen, mar makken dizze net ôf. Cambuur stiet no 16e yn de GoudenGids-divyzje (16-14).