Frou dea by ûngelok Ljouwert

04 nov 2005 - 17:24

In 48-jierrige frou út Ljouwert is freedtemoarn ferstoarn by in ûngelok by de Vrouwenpoortsbrug yn de Fryske haadstêd. De frou bedarre ûnder in kraanwein, doe't sy op de dyk fytste.

Der wurdt op dit stuit wurke oan in rotonde by de brêge. Dêrom is der gjin apart fytspaad.De kraanwein waard bestjoerd troch in man út Deinum. It slachtoffer is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De plysje ûndersiket wat der krekt bard is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)