Boargemaster Amelân hâldt op

04 nov 2005 - 16:15

Paul Verhoeven giet fuort as boargemaster fan de gemeente Amelân. Hy wurdt fan begjin takom jier ôf de nije boargemaster fan Heeze-Leende yn Brabân. Verhoeven is op it stuit fyftich jier en hat sûnt 2001 boargemaster west op it eilân.

Verhoeven fynt net dat er te betiid opstapt. Al by syn oanstelling waard der ôfpraat dat er om dizze tiid wer útsjen soe nei in oare baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)