Hearrenfean - CSKA: 0 - 0

04 nov 2005 - 14:24

Sportclub Hearrenfean hat tongersdei yn it Abe Lenstrastadion gelyk spile tsjin CSKA Moskou. Der hie foar de Feansters mear yn sitten, want de ynfallers Bruggink en Samaras krigen yn de twadde helte in pear moaie kânsen.

Oanfierder Petter Hansson heakke flak foar de wedstriid ôf, omdat syn frou befalle moast. Yn plak fan Hansson spile Jeroen Drost. Derveld spile op Hansson syn plak. Trener Verbeek is tefreden oer it lykspul tsjin CSKA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)