Winst foar Vadeko Flyers

© Omrop Fryslân
De Vadeko Flyers hawwe de earste wedstriid fan de bekerkompetysje mei 5-2 wûn fan de Duindam Wolves út Den Haach. De perioadestannen wiene 2-1, 2-1 en 1-0. De Wolves kamen noch wol op in foarsprong troch Jesse Heerema, mar dêrnei pakten de Flyers de trie op.
Troch goals fan Tyler Palmiscino, Andrei Butochnov (2) en Marco Postma (2) waard de oerwinning behelle. Tuskentroch makke Tyler Middlebrook de twadde en lêste goal fan de Wolves.