Liften foar Ruslân

© Omrop Fryslân
In liftbouwer op It Hearrenfean hat profitearre fan de besite fan presidint Poetin oan Nederlân. TBV Industry en Offshore sil liften bouwe yn twa lúkse megajachten. TBV is spesjalisearre yn de bou fan liften yn bysûndere skippen.
It bedriuw ferwachtet mear opdrachten út Ruslân te krijen. TBV giet noch nei in werf yn Ruslân dy't belangstelling hat foar de spesjale liften. Hoefolle't de earste Russyske oarder opsmyt, is ûnbekend.