Erfguodlist ferdielt Waadgebiet

© Omrop Fryslân
Nederlân en Dútslân jouwe harren diel fan de Waadsee op foar de Unesco-Wrâlderfguodlist. Dat is de útkomst fan de ynternasjonale ministerskonferinsje op Skiermuontseach. Denemarken docht dat foarearst noch net. De list soe ekstra beskerming biede moatte foar it gebiet.
De ministers fan de trije lannen oan it Waad tinke dus ûngelyk oer pleatsing op de Wrâlderfguodlist. Datselde jildt foar de bewenners fan it Waadgebiet.