Sportstimulearring foar âlderen

03 nov 2005 - 15:11

Senioaren yn de gemeenten Achtkarspelen en Kollumerlân moatte mear bewege. Dêrom komt der takom jier in sportstimulearringsprojekt. It is bedoeld foar net-aktive ynwenners út de beide gemeenten. De dielnimmers moatte tusken 55 en 65 jier âld wêze.

Der dogge foarearst njoggen doarpen mei. It projekt set yn febrewaris 2006 út ein. By de útfiering krije Achtkarspelen en Kollumerlân stipe fan Sport Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)