'Waadseetoerisme kin better'

© Omrop Fryslân
De regearen fan Nederlân, Dútslân en Denemarken moatte ek prate oer it toeristysk promoten fan It Waad. Dat fynt de ANWB. Op Skiermûntseach is in ynternasjonele Waadseekonferinsje en dêr wurdt amper oer toerisme praat. De ministers realisearje harren net genôch dat der grutte kânsen lizze fao it toerisme yn it Waadgebiet, fynt de ANWB. De lannen moatte mei-inoar in toeristysk belied ûntwikkelje ynstee fan inoar bekonkurrearje.