Bypass foar rotonde De Jouwer

03 nov 2005 - 11:33

In nije bypass by de rotonde fan de Jouwer moat foarkomme dat der alle dagen files stean út de rjochting fan Snits. Autobestjoerders út Snits hoege dan net mear oer de rotonde as se nei De Lemmer wolle.

De bypass wurdt takom jier al oanlein. Tagelyk komme der nei alle gedachten ferkearsljochten om it ferkear út de rjochting It Hearrenfean út en troch tsjin te hâlden. De auto's dêrwei soargje wolris foar opstoppings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)