VVD: noch gjin stânpunt museum

03 nov 2005 - 11:15

De steatefraksje fan de VVD is der tiisdei net yn slagge om in stânpunt te bepalen oer de ferhuzing fan it Frysk Museum nei it Saailân yn Ljouwert. In tal punten yn de notysje oer de ferhúsplannen is noch net helder.

De VVD wol wol ynvesteare yn in nij museum, mar allinnich ûnder strange betingsten. Sa moat ûnder oare dúdlik wurde hoefolle oft de provinsje jierliks meibetelje moat oan de eksploitaasje fan it nije museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)