Beleanning foar tip amtsketting

03 nov 2005 - 11:06

De gemeente Snits stelt in beleanning fan 250 euro beskikber foar dejinge dy't fertelle kin wêr't it amtsketting fan boargemaster Arno Brok is. It ketting waard yn it wykein fan 17 septimber stellen by in ynbraak yn it stedhûs. Ek waard doe in kompjûter fan in amtner stellen.

It ketting is goed 150 jier âld en lei yn in laad fan de boargemaster. Tips kinne trochjûn wurde oan de plysje yn Snits op telefoannûmer 0900 - 88 44.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)