Alternatyf betocht Sintrale As

03 nov 2005 - 10:14

Der moat in ûndersyk komme nei in alternatyf trasee foar de Sintrale As. Dat fine Fryske natuer- en miljeu-organisaasjes lykas Steatsboskbeheer en It Fryske Gea.

It foarkarstrasee fan de provinsje soe de natuer en it lânskip te folle skea tabringe. De organisaasjes stelle dêrom foar om de besteande dyk tusken Dokkum en Nijegea oan te hâlden. Der moat dan wol in rûnwei om Damwâld en Burgum komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)