Ried wol Waarme Winternacht

© Omrop Fryslân
Der moat dit jier dochs wer in Waarme Winternacht komme yn Ljouwert. De riedskommisje wol dêr 100.000 euro foar útlûke. Der moatte dan wol mear besikers komme as oare jierren, is de betingst fan de riedsleden.
Boargemaster Dales fynt it feest eins te djoer. Der moat tefolle jild by, wylst der alle jierren minder minsken op ôf komme. De ried fan Ljouwert praat hast alle jierren oer it al as net trochgean fan de Waarme Winternacht.