Fryslân net klear foar gryp

© Omrop Fryslân
Fryslân komt ûnder tafersjoch te stean fan de ynspeksje foar de sûnenssoarch, omdat de provinsje noch net klear is foar de útbraak fan in gryp-pandemy. De GGD yn Fryslân wurket oan in draaiboek, mar dat is net klear op de ôfprate datum, 1 jannewaris 2006. Sa binne der noch hielendal gjin ôfspraken makke mei húsdokters.
Der binne mear regio's yn Nederlân dy't noch net klear binne foar in grutte útbraak fan de gryp.