Grutte militêre oefening

© Omrop Fryslân
Mear as 250 militêren ha woansdei meidien oan in grutte oefening yn it oefendoarp Marnehuzen by de Lauwersmar. Foar it earst waard dêr in nije wize fan optreden yn praktyk brocht, in gearwurking tusken tanks, soldaten en helikopters yn bewenne gebiet.
Oanlieding foar de oefening binne resinte ynternasjonale fredesmisjes. Ynkoarten komme ek militêren út Spanje en Frankryk nei it Lauwersmargebiet om dizze op nije wize te oefenjen.