Epker krijt Bennerpriis

02 nov 2005 - 19:50

Keunstner Bas Epker út Ljouwert is de winner fan de earste Gerrit Bennerpriis foar byldzjende keunst. De nije priis wurdt takend troch Deputearre Steaten. Neffens de sjuery hat de keunstner yn de ôfrûne twa jier in belangrike ûntwikkeling yn syn wurk trochmakke.

Epker krijt in jildpriis fan 4.000 euro en in oarkonde. Yn febrewaris is der yn it Fries Museum in útstalling mei it wurk fan Epker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)