Santich banen fuort by Enna

02 nov 2005 - 16:26

Der steane santich banen op it spul by it spuitbussefabryk Enna Aerosols yn Dokkum. Der moatte minsken út omdat der te min wurk is. De direksje hat de fakbûnen in plan presinteard wêryn't mar 25 meiwurkers oerbliuwe sille. De bank moat dat plan noch goedkarre.

It personiel hat it nijs tiisdeitejûn fan de fakbûnen heard. De lieding fan it bedriuw hat offisjeel noch neat sein. De minsken witte noch net wa't der út moat en wa't bliuwe mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)