Nurmela werom nei Nederlân
Ald-Hearrenfeanspiler Mika Nurmela komt nei alle gedachten werom nei Nederlân. De spiler is it mei Heracles Almelo iens wurden oer in kontrakt foar de rest fan it seizoen.
Nurmela spile tusken 1999 en 2003 foar SC Hearrenfean. Dêrnei spile er foar it Dútse Kaiserslautern en it Finse HJK Helsinki. As Nurmela de medyske keuring goed trochkomt, traint er tongersdei foar it earst mei de seleksje fan Heracles mei.