Wieteke Cramer pleatst foar 3 km

© Omrop Fryslân
Wieteke Cramer hat har tiisdei by de kwalifikaasjewedstriiden foar de wrâldbeker pleatst foar de 3 kilometer. De Lemster waard tredde mei in tiid fan 4:12.44. Moniek Kleinsman (4:10.45) en Marja Vis (4:12.19) einigen foar Cramer. Helen van Goozen waard fjirde en pleatste har dêrmei ek.
De wrâldkampioene by de junioaren, Ireen Wüst stelde teloar mei in achtste plak. Renate Groenewold wie al wis fan in plakje en kaam net yn aksje.