Skarsterlân wol ein reklamegaos

02 nov 2005 - 07:43

De gemeente Skarsterlân makket in ein oan de wyldgroei fan reklame by benammen de Jouwer. Dêr steane safolle reklamebuorden, foar allegear ferskate aktiviteiten, yn safolle kleuren en ôfmjittings, dat it neffens de gemeente in gribus oan it wurden is.

Tenei meie de buorden dan ek net heger wêze as ien-meter-fyftich. Wat der barre sil mei de metershege kofjekop fan Douwe Egberts op de rotonde is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)