Ek ferkearsremmers op 30 km-dyk

© Omrop Fryslân
Yn wiken dêr't heechstens 30 kilometer yn 'e oere riden wurde mei, moatte ek ferkearsremmers komme. Dat fynt it Fryske 3VO foar ferkearsfeiligens. Allinich drompels en oare opstakels meitsje strjitten echt feiliger.
Faak wurde inkeld 30-km-buorden ophongen, mar gjin maatregels nommen. By twa op de trije 30-km-diken is dit it gefal. 3VO Fryslân ropt gemeenten op hjir wat oan te dwaan om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen.