Grut tekoart by Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur hat foarich seizoen in tekoart draaid fan 1,7 miljoen. Dat is woansdei oan de meiwurkers meidield. Dit seizoen wurdt in tekoart ferwachte fan tusken de 800 tûzen en 1 miljoen euro.
De totale skuld fan Cambuur is, nei de ferkeap fan it stadion, sa'n 2,5 miljoen euro. De spilers is fersocht net oer de finansjele problemen te praten. Woansdeitejûn krijt de sakeclub fan Cambuur fierder tekst en útlis oer de sitewaasje fan de sakeklub.