Tûmba wol 'Wytmarsum' behâlde

01 nov 2005 - 16:54

It sintrum Tûmba is ferbjustere oer de rappe ferkeap fan de needopfang foar asylsikers yn Wytmarsum. Tûmba wie derfan útgien dat it sintrum noch twa jier - oant de folgjende ferkiezings - iepen bliuwe soe. It gebou is no diels ferkocht en hûndert flechtelingen driigje op strjitte komme te stean.

Tûmba hâlde yn septimber noch in sponsoraksje foar it opfangsintrum Wytmarsum dat jildpine hie. Doe is mei-inoar 120.000 euro tasein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)