Minder hazzen op Skiermûntseach

© Omrop Fryslân
Op Skiermûntseach rinne folle minder hazzen om as ferline jier. By in telling waarden moandei 361 hazzen sjoen, tsjin 675 ferline jier. De telling is dien troch eilânbewenners en meiwurkers fan de universiteiten fan Grins en Wageningen.
De wittenskippers sille ûndersyk dwaan nei de oarsaak fan de krapte. Sûnt 1996 wurde de hazzen op Skiermûntseach alle jierren teld. It komt wol faker foar dat it tal bot wikselet.