Sûnensenkête fan de GGD

01 nov 2005 - 14:21

Sawat tsientûzen ynwenners fan Fryslân krije dizze wike in sûnensenkête fan de GGD yn de brievebus. De GGD wol witte hoe't it sit mei de libbensgewoanten en de libbenssitewaasje fan de Friezen. It is it grutste ûndersyk dat ea troch de GGD dien is.

De GGD brûkt de resultaten ûnder oare om kampanjes yn de takomst op ôf te stimmen. It giet dan bygelyks om foarljochting oer mear beweging of oer ophâlden mei smoken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)