Camping Bakkefean mei útwreidzje

© Omrop Fryslân
De útwreiding fan camping 't Hout yn Bakkefean mei 113 steanplakken kin trochgean fan B en W fan Opsterlân. Wol moat it plan oanpast wurde. It giet dan om de ûntsluting by kalamiteiten en de ôfstân ta in hûs yn de buert.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat it plan gjin grutte negative effekten hat foar de natuer yn de buert, seit B en W. Yn it bestimmingsplan by Bakkefean is earder al rekken hâlden mei in útwreiding fan de camping.