Omniworld hiert Van den Berg

01 nov 2005 - 14:04

Hearrenfean-spiler Joey van den Berg giet nei FC Omniworld. De 19-jierrige middenfjilder wurdt foar de rest fan it seizoen ferhierd oan de klub fan trainer Jan Schulting.

Van den Berg makke yn jannewaris fan dit jier syn debút by SC Hearrenfean yn de wedstriid tsjin FC Den Bosch, mar slagge der net yn in fêst basisplak te feroverjen. By Omniworld, de nûmer 19 fan de earste divyzje, krijt hy no de kâns him fierder te ûntwikkeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)