Fuotbalje foar flechtlingehûs

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub Cambuur fan Ljouwert spilet op 13 desimber in benefytwedstiid tsjin in alvetal fan Molukse proffuotballers. Ald-Ajacied Simon Tahamata is de coach fan dat alvetal. De opbringst fan de wedstryd is bestimd foar de bou fan in tehûs foar flechtlingen yn Yndonesië.
Yn totaal is der twa euroton nedich foar it tehûs. Der is al 140.000 euro binnenhelle troch de stichting Kinderen van Amurang.