Ritsma en Kramer nei wrâldbeker

© Omrop Fryslân
Sven Kramer en Rintje Ritsma hawwe harren by de kwalifikaasjewedstriden foar de wrâldbeker pleatst foar de fiif kilometer. Sven Kramer wûn mei in tiid fan 6:25.09. Ritsma wie sa'n fiif sekonden stadiger en einige yn 6:30.29.
Neist Kramer en Ritsma wiene Gianni Romme, Bob de Jong en Carl Verheijen al wis fan in plakje yn de seleksje. Troch de goede prestaasje fan de Friezen falt Jochem Uytdehaage bûten de boat.