Gjin herhelling aksje Middenstip

© Omrop Fryslân
Der komt gjin ynsammelingsaksje ûnder supporters om fuotbalklub Cambuur út de finansjele problemen te helpen. It bestjoer fan de sakeklub fan Cambuur sjocht gjin mooglikheden om de aksje Middenstip fan 1999 te herheljen. Dy aksje hat doe in pear miljoen gûne opsmiten.
Foarsiter Lute Spandaw sjocht gjin oare mooglikheden dan dat der jild komt fan jildsjitters bûten de club. De sakeclub hat sels gjin jild yn kas.