Wer stipe foar needopfang W'diel

01 nov 2005 - 10:55

De ried fan Wûnseradiel sil begjin takom moanne op 'e nij prate oer finansjele stipe oan de needopfang foar asylsikers yn Wytmarsum. It giet diskear om in bijdrage fan 8500 euro. Dêrmei kin de opfang fierder oant jannewaris 2006.

Yn septimber gie de ried noch akkoart mei in bijdrage fan 10.000 euro. Allinnich de fiif riedsleden fan it CDA stimden doe tsjin. De needopfang yn is foar asylsikers sûnder ûnderdak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)