'Termyn ôfprate foar needopfang'

© Omrop Fryslân
Eigner Van der Molen fan de needopfang foar flechtlingen yn Wytmarsum wol mei de Stichting Beheer Noodopvang Friesland in termyn ôfprate oer hoelang't se syn gebouw hiere kinne. De needopfang moat op syk nei oar plak foar 67 fan de 105 bewenners, no't it gebou foar in part ferkocht is.
Van der Molen wol ek de rest ferkeapje. Om de bewenners, mar ek mooglike keapers dúdlikens te jaan wol Van der Molen no in termyn ôfprate foar de hier.