Beropsfisker pakt foar streupen

01 nov 2005 - 09:36

In beropsfisker út Urk is ôfrûne freed troch it fiskerijstreupteam fan Plysje Fryslân op 'e bon slingere. De man fiske op de Lauwersmar op snoekbears, wylst er dêr gjin fergunning foar hie.

Doe't de man pakt waard hie er 400 kilo snoekbears yn syn boat. It grutste part fan dy opbringst is yn beslach nommen. De man waard oppakt nei oanlieding fan klachten fan oare fiskers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)