Lânbougrûn wurdt natuer

© Omrop Fryslân
Oan de súdwestkant fan it natuergebiet de Schoapedobbe by Elslo wurdt op it stuit wurke om fan 22 bunder lânbougrûn twa nije stikken natuergebiet te meitsjen. De boppeste laach wurdt mei kraanmasines fuorthelle. Dêrtroch sille der wer planten groeie en komt der letter mooglik wer heide.
Doel is ek dat op trije plakken yn it nije natoergebiet de âlde wetterkes weromkomme. De plannen binne diel fan de EHS, de ekologyske haadstruktuer.