Lêste Cambuur-bestjoerders fuort

01 nov 2005 - 00:00

De twa lêste bestjoersleden fan Cambuur binne opstapt. It giet om ponghâlder Douwe Popma en om Doeke Dykstra, dy't ferantwurdlik wie foar it ûnderhâld fan it stadion en de feilichheid. Popma en Dykstra wolle har stap net taljochtsje.

De Ljouwerter fuotbalklub wurdt no laat troch de Ried fan Kommissarissen. Foarsitter Jan Spoelstra fan dy ried is op it stuit yn ûnderhanneling mei de Friesland Bank oer in kredyt foar de klub.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)