Keunstgersfjilden gefaarlik?

31 okt 2005 - 16:40

Keunstgersfjilden binne net gefaarlik. Dat seit Pascal Kramer fan it bedriuw Edelgras, produsint fan sokke gersfjilden. It ôfrûne wykein kaam yn it nijs dat yn it rubber dat yn keunstgersfjilden ferwurke wurdt, kankerferwekkende stoffen sitte soene.

Keunstgersfjilden lizze op ferskate plakken yn Fryslân, ûnder oare yn it Cambuur-stadion. Mar neffens Edelgras is it net gefaarlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)