Jong Oranje yn Abe Lenstra

31 okt 2005 - 16:40

Op woansdei 16 novimber moat it stadion fan de Sportklub Hearrenfean grôtfol sitte. Dan spilet Jong Oranje tsjin Jong Slovenië. It is de twadde wedstriid, trije dagen earder ha dy beide ploegen ek tsjininoar spile.

De winner mei yn 2006 meidwaan oan it Europeesk kampioenskip. Jong Oranje is de ploech fan trainer Foppe de Haan. Yn dy ploech spylje ek Boy Waterman, Klaas Jan Huntelaar en Jeroen Drost fan de Sportklub Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)