Grinzers smite mei flesse

30 okt 2005 - 16:43

De plysje hat yn de nacht nei snein yn Berltsum twa manlju út Grins oanhâlden. De manlju hiene in flesse út har auto op de auto fan in 19-jierrige man út Minnertsgea smiten.

Doe't de plysje de manlju oanhâlde woe, die bliken dat de Grinzer bestjoerder xtc brûkt hie en ek noch ûnder ynfloed fan alkohol wie. Beide Grinzers binne meinaam nei it buro. De bestjoerder moast boppedat syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)