Embleemdieven yn Snits

30 okt 2005 - 16:43

De plysje hat snein in 15-jierrige jonge út Hylpen en twa jonges fan 16 en 20 jier út Snits oanhâlden op it Sint Antoniusplein yn Snits. De jonges wiene op it parkeardek dwaande om de logo-emblemen fan de parkearde auto's te heljen.

Sa hiene se yntusken al 23 auto's skansearre. De jonges binne oerbrocht nei it buro en de 23 emblemen moasten se ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)